'Te min om Smel'lân tocht'

Ald-boargemaster Gerrit Jan Polderman is 70 jier wurden
Deputearre Steaten hâlde by harren fisy op in gemeentlike weryndieling te min rekken mei de posysje fan Smellingerlân. Dat seit waarnimmend-boargemaster Polderman fan dy gemeente. Neffens Polderman erkent de provinsje de wichtige posysje dy't Smellingerlân hat foar de ekonomy fan Fryslân, mar krijt de gemeente oan de oare kant gjin mooglikheid om dy posysje te fersterkjen troch weryndieling.
Yn de fisy fan Deputearre Steaten stiet nammentlik dat alle fiif gemeenten yn súdeast-Fryslân selsstannich fierder kinne.