Moanne fergees farre mei EVT

Minsken kinne in moanne lang fergees mei de fearboat nei Skylge. De EVT freget fan 15 april oant 15 maaie gjin jild foar in oertocht nei it waadeilân. Ek de tocht werom is fergees. Der moat allinnich 1 euro toeristebelesting betelle wurde.
De Eigen Veerdienst Terschelling hopet sa klanten oan har te binen. It bedriuw hat krektlyn syn nije fearboat De Spathoek yn gebrûk naam. Foar auto's en lading moat wol gewoan betelle wurde.