Eilannen bliuwe selsstannich

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
Yn de weryndielingsfisy dy't deputearre Schokker woansdei presintearre, moatte de Waadeilannen selsstannich bliuwe. De eilannen komme wat bestjoerskrêft en ynwenneroantallen oanbelanget wol yn oanmerking foar weryndieling, mar neffens de provinsje is de eilânkultuer sa ferskillend dat in eigen bestjoerslaach nedich bliuwt.
De eilannen soene wol sjen moatte nei noch mear gearwurkingsmooglikheden. Dêrby moat ek sjoen wurde nei de gemeenten oan de fêste wâl.
Yn de fisy fan deputearre steaten kinne ek Opsterlân, de beide Stellingwerven, Hearrenfean en Smellingerlân selsstannich bliuwe.