Peter Meindertsma nei Libanon

11 apr 2012 - 12:01

Trainer Peter Meindertsma fan de froulju fan SC Hearrenfean is de nije assistint-trainer fan it nasjonale alvetal fan Libanon. Meindertsma wurdt assistint fan de Dútske trainer Theo Brüker. It is net foar it earst dat Meindertsma in bûtenlânsk aventuer oangiet. Earder al wie er assistint-trainer yn Tripoli yn Libië. Dêr is er yn 2009 lykwols mei ophâlden om't it net feilich genôch wie yn dat lân.

De Fryske trainer fljocht tongersdei al nei Libanon ta. Hy sil him benammen rjochtsje op de foarrondes fan it WK.

It kontrakt fan Meindertsma rint oant en mei juny 2013.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)