Archeologysk ûndersyk B'post

11 apr 2012 - 11:32

De Ryksuniversiteit Grins set útein mei archeologysk ûndersyk yn de omjouwing fan Bûtenpost. Dat seit heechlearaar Gilles de Lange fan de universiteit. De archeologen rinne mei amateur-archeologen ferbûn oan it iistidemuseum yn Bûtenpost it fjild yn op syk nei diggels fan in spesjaal soarte fan pôt dêr't se in wichtige teorie oer it ûntstean fan it hjoeddeistige Nederlân mei bewize kinne.

Oanlieding is in nije útstalling fan it museum mei in tal nije fynsten.

Dy soargje derfoar dat der no foldwaande 'krityske massa' oan fynsten is om it ûndersyk ek út Grins wei op te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)