Nynke Blok wint foarlêsfinale

11 apr 2012 - 11:05

De 11-jierrige Nynke Blok út Sint Anne hat de provinsjale finale fan de nasjonale foarlêswedstryd wûn. Dy finale waard tiisdei hâlden yn De Skâns op 'e Gordyk. Nynke lies dêr in stikje foar út it boek Minoes fan Annie M.G. Schmidt.

Omdat se wûn hat, mei Nynke op 23 maaie meidwaan oan de lanlike finale yn Utrecht. De klasse fan Nynke, groep 7 fan OBS 't Fonnemint yn Sint Anne, reizget mei har mei nei Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)