Net folle animo plysje-aksjes

11 apr 2012 - 10:58

Oan de plysje-aksjes yn Fryslân hawwe net in soad minsken meidien. Mei-inoar wiene der sa'n 50 plysjeminsken by it plysjeburo yn Ljouwert. Nei alle gedachten wie de opkomst leger as ferwachte fanwege de fuotbalwedstryd tusken SC Hearrenfean en Ajax woansdeitejûn.

Sawol de plysjekorpsen yn Ljouwert as yn Drachten leine it wurk woansdei del. Fan njoggen oere moarns oant ien oere middeis wiene se net beskikber. De plysjes kamen yn aksje omdat se in bettere CAO ha wolle. De plysje oerleit noch oft se letter mear aksjefiere sille.

Trefwurden: 
plysje-aksjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)