Fryske delegaasje nei Kulturele Haadstêd Wroclaw

In Fryske delegaasje is dizze dagen op besite yn it Poalske Wroclaw. De stêd is dit jier tegearre mei it Spaanske San Sebastian Kulturele Haadstêd fan Europa. Dit wykein is it feestlike iepeningswykein mei allerhanne aktiviteiten.
De delegaasje, mei ûnder oaren deputearre Sietske Poepjes en Ljouwerter wethâlder Sjoerd Feitsma, is by ferskate festiviteiten en hat moetings en petearen mei de Wroclaw-organisaasje. It doel fan dizze koarte trip is ynspiraasje en tips op te dwaan foar 2018, as Ljouwert kulturele haadstêd is.