Klup oprjochte foar Fryske kitesurfers

17 jan 2016 - 11:56

In groep kitesurfers út it Noarden fan it lân hat in nije klup oprjochtte, Kite Club Friesland. De kitesurfers wolle as belangegroep fertsjintwurdige wêze by de beleidsbepalers, lykas Rykswettersteat en it Fryske Gea.

De nije kiteklup praat yn elts gefal mei oer it behearplan Natura 2000 foar it Waadgebiet. De kitesurfers hawwe har fierder foarnaam om by it kitesurfplak by Murns, kiters oan te sprekken dy't bûten de sônes komme. Dêr wurdt nammentlik in soad oer klage, seit de klup.

De Kite Club Friesland rjochtet him benammen op de kitesurfspots oan de Iselmarkust en op plakken as Harns en Lauwerseach. De Kite Club Friesland wol gearwurkje mei kitesurfclubs op de Waadeilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)