Snie en glêdens soargje foar ûngelokken

Troch snie en befriezing ha der sneontenacht en sneintemoarn meardere ûngelokken west. Op de A31 by Sweins rekke sneintemoarn in auto fan de dyk. Dy kaam krekt foar in sleat ta stilstân. De bestjoerder kaam mei de skrik frij.
By de Werpsterhoeke lei sneintemoarn in auto yn de sleat. De bestjoerder kaam fanút Goutum, knalde tsjin in ferkearsboerd en kaam yn it wetter telâne. Doe't de auto oantroffen waard, siet der net ien mear yn. Oan de hân fan it kenteken wist de plysje de eigener te achterheljen. Dy wie net ferwûne rekke.

Hallum

Yn Hallum ried sneintemoarn in autobestjoerder oan de Zuidermiedweg yn de sleat. De automobilist rekke dêrby ferwûne.
Snie en glêdens
Op de A7 by Drachten botste sneontejûn in auto tsjin de fangrail, nei't de bestjoerder yn 'e slip rekke wie. Hjir rekke net ien ferwûne. Oan de Torenleane yn Eastermar rekke sneontejûn in auto yn de sleat. De bestjoerder kaam mei de skrik frij. Troch snie en befriezing bliuwt it earst noch glêd. Op guon plakken leit in pear sintimeter snie.
Rykswettersteat en Provinsjale Wettersteat hawwe sneontejûn en sneontenacht snieskowers en struiweinen ynset. Sneintemoarn hiene se de diken skjin. Trochdat der op snein minder ferkear is, duorret it langer foardat it sâlt goed ynriden is.