Wapene manlju oerfalle coffeeshop Wolvegea

17 jan 2016 - 09:25
  • De Heerenveenseweg yn Wolvegea is ôfset fanwege de oerfal op de coffeeshop
  • De coffeeshop yn Wolvegea nei de oerfal

Yn in coffeeshop oan de Heerenveenseweg yn Wolvegea, hat sneontejûn om alve oere hinne in wapene oerfal west. Trije of fjouwer manlju kamen de saak yn en bedrigen it personiel mei in fjoerwapen.

Se namen jild en drugs mei en naaiden dêrnei út yn in grize auto. De plysje hat nei de dieders socht, mar koe se net mear fine. By de oerfal rekke net ien ferwûne. De plysje hat in ûndersyk ynsteld. De krekte bút fan de oerfal wurdt noch ûndersocht troch it personiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)