Gary Hekman wint maraton It Fean nei sjuerybeslissing

16 jan 2016 - 23:53

De maraton fan Thialf waard by de manlju útiten troch it sjuery. De Frânsman Alexis Contin út de ploech fan Jillert Anema wûn, mar waard diskwalifisearre. Contin krige yn de lêste rûntsjes help fan ploechmaat Bob de Vries, mar dat is dit seizoen yn de einfaze net mear tastien. De winst gong no nei Gary Hekman. De Italiaan Fabio Francolini waard twadde, Sjoerd den Hertog tredde.

By de froulju wûn Nederlânsk kampioene Irene Schouten. De reedrydster út de ploech fan Anema wie oppermachtich yn de einsprint. Francesca Lollobrigida waard twadde.

Carla Ketellapper-Zielman út Rottum waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)