SC Hearrenfean hurd ûnderút by PEC Zwolle

16 jan 2016 - 22:08
  • Read foar Joey van den Berg

SC Hearrenfean is de twadde kompetysjehelte striemin begûn. Yn Zwolle krige de ploech fan Foppe de Haan mei 5-2 klop fan PEC Zwolle. PEC kaam al rap op foarsprong troch in goal fan Marcellis. Van Polen soarge acht minuten letter foar de 2-0. Flak nei it skoft brocht Te Vrede de spanning werom: 2-1. In pear minuten letter moast Joey van den Berg mei read fan it fjild en doe koe PEC Zwolle útrinne nei 4-1. St. Juste makke noch 4-2 mar Nijland bepaalde de einstân op 5-2 foar de thúsploech. SC Hearrenfean stiet no 12e mei 20 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)