Tsjalle 454 nije kampioen stamboekhynst

16 jan 2016 - 17:55

It hynder Tsjalle 454 is sneon algemien kampioen wurden by de hynstekeurings fan it Frysk Hynstestamboek yn it Ljouwerter WTC-Expo. Dêrmei is de hynst de opfolger fan Jehannes 484, it hynder dat ferline jier de 'kampioen stamboekhynst' waard by de jierlikse hynstekeuring fan De Koninklijke Vereniging 'Het Friesch Paarden-Stamboek'.

Dêrmei prolongearre Age Okkema fan Sigerswâld de titel, want hy is eigener fan beide Fryske hynsten.

De lêste dei fan de hynstekeuring yn it WTC-Expo wie folslein útferkocht. Ek de oare beide dagen waarden goed besocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)