"Begryp 'frjemde kriichstsjinst' moat modernisearre wurde"

Alexander Pechtold
D66-lieder Alexander Pechtold hat him mongen yn it debat oer de Ljouwerter Jitse Akse. Hy fynt dat it begrp 'frjemde kriichstsjinst' modernisearre wurde moat. Hy sei dat yn it radioprogramma Kamerbreed yn reaksje op de oanhâlding fan Akse. De âld-militêr wurdt fertocht fan it deadzjen fan IS-striders yn Syrië.
It is ûndúdlik wurden wa't ús fijân is, fynt Pechtold. "Hiervoor stond een leger tegenover een leger en was het vijandbeeld duidelijk. Tegenwoordig hebben we van alles: burgeroorlogen, terroristische-organisaties, milities."
It begryp 'frjemde kriichstsjinst' moat modernernisearre wurde, sadat der gjin betizing mear bestean kin oer oft je op eigen manneboet rjocht sykje meie yn it bûtenlân.
Pechtold reagearret mei syn útspraken op de maatskiplike diskusje dy't ûntstie, nei't bekend waard dat Akse yn Syrië IS-striders deade. Hy soe dit dien hawwe yn oparbeidzjen mei de Koerden. Justysje hat him oppakt en syn paspoart ôfnaam, sadat er net wer nei Syrië reizgje kin. Op social media krijt Akse neist de nedige krityk ek in soad stipe. Sa is der in Facebookside iepene mei de namme 'Justice for Jitse'.