Frjentsjer wurket oan needferbining mei it stasjonsgebiet

De tydlike brêge moat yn febrewaris klear wêze © Marcel Teensma
Yn Frjentsjer wurdt drok wurke oan in tydlike brêge oer it Van Harinxmakanaal. De stasjonsbrêge is 60 jier âld en is te'n ein, hy wurdt de kommende moannen ferfongen. De tydlike brêge is foar fytsers en fuotgongers en is begjin febrewaris klear, dêrnei wurdt begongen mei de sloop fan de stasjonsbrêge. It autoferkear moat omride fia de rûnwei.
De ferfanging fan de brêge is ûnderdiel fan de plannen fan Franeker Waddenpoort, dat as doel hat om Frjentsjer oer it wetter en it lân better berikber te meitsjen foar toeristen.
Neist it ferfangen fan de stasjonsbrêge wurde der in soad nije oanlisplakken makke en komt der in trochbraak fan it kanaal nei de grêften, sadat boatsjes sa de stêd ynfarre kinne.