"Kâns is lyts dat Jitse Akse feroardiele wurdt"

16 jan 2016 - 17:17

De kâns dat âld-militêr Jitse Akse feroardiele wurdt foar it ombringen fan IS-striders yn Syrië is hiel lyts. Dat sizze kenners fan it ynternasjonaal strafrjocht. Neffens saakkundigen soe in saak fan it Iepenbier Ministearje tsjin Akse swak wêze, omdat it belangrykste bewiis liket te bestean út útlittings fan Akse op Facebook en by EenVandaag. Dêr sei hy dat hy IS-striders fermoarde hat.

Neffens strafrjochtadvokaat Geert Jan Knoops is dat te algemien, hy neamt nammentlik gjin konkrete hannelings of slachtoffers.

Heechlearaar ynternasjonaal strafrjocht Sluiter dielt dy miening. En omdat Syrië oarlochsgebiet is, is it dreech om dêr ûndersyk te dwaan. Akse waard woansdei opakt, mar ek wer frijlitten, hy moast syn paspoart wol ynleverje. It Iepenbier Ministearje beslút oft hy ferfolge wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)