Pomphâlder by Donkerbroek is slachtoffer fan de nije N381

Pomphâlder Meindertsma fan Donkerbroek is ien fan de iennichsten dy't net bliid is mei de nij N381. Yn de âlde situaasje hie hy sa'n 250 klanten deis, mar no noch mar in hantsjefol. De winkel en de waskstrjitte hat er slute moatten en fiif wurknimmers binne ûntslein.
Der stiet ek noch gjin ferwizing nei de pomp op de nije dyk. It bezinestasjon is fan de dyk ôf net goed te sjen en dus ride minsken it foarby. De provinsje seit dat er op koarte termyn buordsjes pleatst wurde sille.