Snie soarget net foar ûngelokken op Fryske diken

16 jan 2016 - 13:25
  • Gjin ûngelokken, mar wol moaie plaatsjes

Op de Fryske diken hawwe de ôfrûne 24 oeren gjin ûngelokken west. Hoewol't de diken glêd binne troch snie, binne der by de plysje gjin meldingen binnenkaam. Dit is opmerklik, om't der op in protte plakken snie op de diken leit en it glêd is.

"Snie is goed sichber en dat makket minsken foarsichtiger", seit Paul Heidanus fan de plysje Noard-Nederlân. Ek de warskôging fan it KNMI foar koade giel hat neffens him fertuten dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)