Fertochten fan ynslûping yn Raerd oanhâlden op de A7

16 jan 2016 - 11:50

De plysje hat freedtemiddei op de A7 by De Gordyk fjouwer minsken oanhâlden dy't fertocht wurde fan in ynslûping yn in loads yn Raerd. It giet om in 24-jierrige frou en in 29-jierrige man út Enschede, in 42-jierrige frou út Oldenzaal en in 28-jierrige sûnder fêst wenplak.

It kwartet waard troch de eigener trappearre, doe't se yn syn loads ynbrekke soene. De man die fuortendaliks oanjefte by de plysje. De auto mei de fertochten koe oanhâlden wurde. Sy sitte no fêst en wurde ferheard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)