Hynstekeuring yn Ljouwert wie nea earder sa gau útferkocht

16 jan 2016 - 10:47

De hynstekeuring yn it WTC-Expo yn Ljouwert wie nea earder sa fluch útferkocht. Alle 6000 kaarten binne yn in rekôrtiid ferkocht. De keuring fan de stamboekhynsten begûn tongersdei en sneon is de lêste dei.

Op omroplive.nl is de hynstekeuring de hiele dei live te folgjen. By de bylden wurdt live kommentaar jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan 'Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek'.

Trefwurden: 
WTC hynstekeuring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)