Partij kokaïne by Smeding yn de bananen: wearde 2 miljoen

By griente- en fruitgruthannel Smeding yn Sint-Anne is freedtejûn in partij kokaïne oantroffen mei in strjitwearde fan sa'n 2 miljoen euro. De pakketten mei de kokaïne sieten tusken de bananen.
In meiwurker fan it bedriuw fûn de pakketten by tafal yn de doazen, wêrop't it bedriuw de plysje ynljochte hat. Dy hawwe de drugs yn beslach naam en dogge ûndersyk nei de saak, sa besfêstiget de plysje. Dy makke bekend dat it bedriuw sels neat te krijen hat mei de drugs. Der hawwe noch gjin oanhâldings west.
Neffens in meiwurker fan it bedriuw giet it om sa'n 50 kilo. De drugs soe út Kolombia komme. De meiwurker seit skrokken te wêzen fan de fynst. "Je witte net wat hjir noch achterwei komme kin. Dizze drugs is fansels fan kriminelen en dy sille net bliid wêze."