LIVE: Hynstekeuring útstjoerd troch Omrop Fryslân

© ANP
Wolle jo neat misse fan de jierlikse hynstekeuring? Sjoch dan dit wykein nei telefyzje of  omroplive.nl want Omrop Fryslân stjoert it evenemint ek dit jier live út.
It ynternasjonale evenemint rekkenet op mear as 25.000 besikers út 30 lannen. Om de keuring foar elkenien begryplik te meitsjen, is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk of Dútsk kommentaar.
Geertje van der Veen is ien fan de oersetters fan dit kommentaar en sy docht it foar it earst. ,,Ik vind het heel spannend. Gelukkig zien ze me niet!”, laket se. ,,Maar ik heb er veel zin en ga vooral proberen het enthousiasme van de commentator over te brengen.”
By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’.
De keuring fan de stamboekhynsten op sneon 16 jannewaris is fan 8.30 oere ôf live te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje, Omroplive.nl en de Omrop app.