Provinsje komt mei eigen wyksjoernaal op sosjale media

15 jan 2016 - 19:25

De provinsje Fryslân komt fan freed 22 jannewaris ôf mei in eigen sjoernaal. Dat is dan alle freedtemiddeis te sjen fia de sosjale media. Yn de útstjoering wurde sjoggers bypraat oer besluten en projekten fan de provinsje. 

It sjoernaal duorret sa'n oardel minút en is te sjen op de webside fan de provinsje en ek op Facebook en Twitter. In fêste rubryk is 'Hoe stiet it der foar mei'. Dêryn wurdt yngien op de stân fan saken fan projekten as Kulturele Haadstêd 2018 of in natuerprojekt.

Mei it sjoernaal wol de provinsje de boargers mear belûke by har wurk. It is in produksje fan de provinsje, mei eigen materiaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)