Fryske hynders, muzyk en spektakel yn Fri(e)sian Proms

15 jan 2016 - 20:09

Dit wykein is Ljouwert even de haadstêd fan it Frysk hynder. Tûzenen minsken út binnen- en bûtenlân komme nei it WTC-Expo foar de jierlikse hynstekeuring. Tradisjoneel begjint ek de keuring fan dit jier mei in spektakulêre show dêr't it Frysk hynder sintraal stiet, 'Fri(e)sian Proms'.

Sa is der in 40-koppich orkest, in spesjaal koar fan 100 man en optredens fan Golden Earring-foarman Barry Hay en sjongeres Lisa Lois.

Live

Omrop Fryslân stjoert de 'Fri(e)sian Proms' live út op ynternet en fia de omrop app. Sneon is de hynstekeuring ek live te folgjen op telefyzje, ynternet en omrop app. Dit begjint om 9:00 oere. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)