Soad reaksjes op weryndielingsûntwerp fan Fryske gemeenten

15 jan 2016 - 14:09

Der binne 345 sjenswizen yntsjinne foar it weryndielingsûntwerp fan de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân. It ûntwerp koe de ôfrûne acht wiken ynsjoen wurde. De gemeenten sille de reaksjes no behannelje. Fan de 345 sjenswizen, binne der mar leafst 341 yntsjinne by de gemeente It Bilt nei oanlieding fan it inisjatyf Stop de Fusie.

De oare reaksjes geane oer saken as grinskorreksjes en nammejouwing. Nei behanneling, wurde de sjenswizen mooglik ferwurke yn it definitive weryndielingsadvys. Dat wurdt yn april fêststeld. Dêrnei giet it nei de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)