Lachman yn basis by Cambuur; Hiariej net

15 jan 2016 - 13:11

Darryl Lachman begjint sneon yn de basis by Cambuur yn de thúswedstriid tsjin Vitesse. Lachman is yn de winterstop foar in healjier hierd fan Sheffield Wednesday. Hy spilet yn it sintrum mei Martijn van der Laan. De oare nije oanwinst, Tom Hiariej, hierd fan FC Grins, begjint op de bank. Peersman bliuwt rjochtsback. Furdjel Narsingh begjint ek op de bank. Mikhail Rosheuvel krijt de foarkar op de rjochterkant yn de oanfal. Van der Streek spilet oan de linkerkant. Op it middenfjild feroaret trainer Henk de Jong neat.

Opstelling Cambuur: Nienhuis, Vytas, Van der Laan, Lachman, Peersman; Monteiro, Byrne, Bakker; Van der Streek, Ogbeche, Rosheuvel

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)