Omrop TIP: It spoar fan de otter

It is noch altyd de grutte winsk fan ferskate natuerleafhawwers, mar it bliuwt in dreech proses: it weromkrijen fan de otter yn Fryslân. De lêste otter yn Nederlân waard yn 1988 yn Twellingea deariden. Efkes like it der op dat it spoar fan de otter yn Fryslân dêrmei ek dearinne soe. Tal fan inisjativen om it, sa ta de ferbylding sprekkende, bistje werom te krijen yn it Fryske wetterlân mislearren. Ek it otterpark, oprjochte om it grutte publyk by de problematyk te belûken, hie it dreech.
Otterpioniers
Ien fan de otterpioniers is Tjibbe de Jongh, fjildman yn hert en nieren, âld-meiwurker fan it Fryske Gea en no mei pensjoen. Hy hat altyd in soad mei de otter op hân en siket noch hieltyd mei in ‘wildlife’-kamera nei it bistje. In oare otterpionier, Addy de Jongh, rjochte yn 1994 it otterpark Aqua Lutra op by Ljouwert. Nei in pear jier die bliken dat in park mei allinnich it ferhaal fan de otter gjin takomst hie. De kombinaasje natuer, edukaasje en kommersje wurke mar net sa’t de inisjatyfnimmers hope hienen.
AquaZoo
Nei in oername waard it otterpark yn 2003 omfoarme ta AquaZoo, in bistetún mei folle mear bisten. It sukses bleau lykwols út en ferline jier gie de bistetún sels fallyt. Mar nije eigener Libéma wol flink ynvestearje. Manager Martin van Hees sit fol plannen en ideeën: der komt noch mear fokus op wetter en der komme ûnder oaren iisbearen, krokodillen en nylhoarzen by. Der is ek noch hieltyd in soad omtinken foar de otter.
Passy foar de otter
Ek al binne de belangen fan bistetúnmanagers en natuerminsken wolris tsjinstridich, wat harren bynt is de passy foar de otter. Yntusken is der wer in aardige populaasje wylde otters yn ús lân, nei’t jierrenlang besocht is it bist op ferskate plakken út te setten. En hoewol’t in grut tal deariden wurdt, liket dêrmei it spoar fan de Lutra weromfûn te wêzen.
De dokumintêre 'It spoar fan de otter' is op snein 17 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. It programma is ek te sjen op sneon 16 jannewaris om 15.30 oere en snein 17 jannewaris om 13.00 oere op NPO 2. Of besjoch 'It spoar fan de otter' no al hjirûnder.