Meiwurkers V&D Ljouwert krije útlis oer finansjele takomst

V&D © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De 170 meiwurkers fan de V&D yn Ljouwert wurde freedtemoarn troch útkearingsynstânsje UWV bypraat oer har finansjele situaasje. Freed om 07.30 oere hat de earste helte fan it personiel útlis krigen hoe't de betellings ferrinne, no't V&D fallyt is. Om 11.00 oere wurdt it twadde part fan it personiel bypraat.
It UWV betellet de earste seis wiken it salaris fan de meiwurkers, dêrnei kinne se WW oanfreegje. It UWV hat de minsken útlein wat se dêrfoar dwaan moatte.
Untslach
Op 16 febrewaris krijt it personiel fan de V&D offisjeel dien as der gjin partij is dy't it warehûs oernimme kin.