Zeneli makket sneon syn debút foar SC Hearrenfean

15 jan 2016 - 11:00
  • Nije oanfaller Arber Zeneli fan SC Hearrenfean

De nije oanwinst fan SC Hearrenfean, Arber Zeneli, makket sneon syn kompetysjedebút foar SC Hearrenfean. Yn de útwedstriid tsjin PEC Zwolle krijt Zeneli de foarkar fan trainer Foppe de Haan boppe Luciano Slagveer. De Haan kin by de start fan de twadde seizoenshelte beskikke oer in folslein fitte seleksje.

Van Anholt en Lucas Bijker spylje as backs yn de ferdigening. Van den Boomen begjint op it middenfjild, yn stee fan Jerry St. Juste. Mitchell te Vrede begjint yn 'e punt fan de oanfal. PEC Zwolle hat 5 punten mear helle as SC Hearrenfean en stiet op it njoggende plak.

Mooglike opstelling: Mulder, Bijker, Van den Berg, Otigba, Van Anholt, Cavlan, Van den Boomen, Thorsby, Larsson, Te Vrede en Zeneli.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)