Marit Bouwmeester pakt Braziliaanske titel yn Laser Radial

15 jan 2016 - 07:10

Sylster Marit Bouwmeester fielt har al aardich thús op it olympyske wedstrydwetter yn Rio de Janeiro. De 27-jierrige ynwenster fan Warten wûn tongersdei mei oermacht de iepen Braziliaanske titelstriid yn de Laser Radial.

Bouwmeester einige nei tsien races op 18 punten en liet dêrmei de nûmer twa fier achter har. De sylster wûn fjouwer races yn it fjild fan 54 boaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)