Fryske festivals gean duorsume gearwurking oan

Into The Great Wide Open, Oerol en Welcome to the Village sille gearwurkje mei fiif oare noardlike festivals. Dat dogge se op it mêd fan ynnovaasje. Net allinnich moatte de festivals hjir better fan wurde, mar ek de wrâld bûten de festivalstekken.
Into The Great Wide Open is al dwaande om it enerzjyferbrûk omleech te heljen en Welcome To The Village wurke mei oan miljeufreonlike tinten.
Innofest
De gearwurking tusken de festivals hjit Innofest. It stiet foar eltsenien frij om mei ideeën te kommen. De festivals wurde dan brûkt om dizze ideeën te besykjen. Dêryn wurdt ek gearwurking socht mei universiteiten en hegeskoallen. Doel is om ideeën dy't goed wurkje op festivals, ek te ferkeapjen bûten de festivalstekken.
Oare noardlike festivals binne TT Assen, Noorderzon en Paradigm.