Flylân bout tolve boskhúskes by kampearterrein Stortemelk

14 jan 2016 - 16:25
  • De húskes komme yn it boskgebiet neist kampearterrein Stortemelk

Der komme tolve fakânsjehúskes by camping Stortemelk op Flylân. Se komme yn 'e bosk, op grûn fan Steatsboskbehear. De gemeente hat tastimming jûn foar de bou.

Op it stuit hat Flylân temin akkommodaasjes dy't tusken tinthúskes en de djoerdere fakânsjehuzen ynsitte. Op oare waadeilannen binne wol sokke dún- of strânlodges en natuerkampearhúskes. Fan 't maaitiid wurde de earste fjouwer húskes boud, de oaren letter yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)