Oanspielde potfisken wurde tongersdei net nei Harns sleept

De fiif potfisken dy't earder dizze wike oanspielden op it strân fan Teksel wurde tongersdei noch net nei Harns sleept. Rykswettersteat hat tongersdei besocht om twa fan de oanspielde potfisken te bergjen, mar dêrby brutsen de trossen.
Neffens wurdfierder Edwin de Feijter fan Rykswettersteat stiet der op dit stuit tefolle wyn by Teksel om de bisten oan board fan in transportskip lade te kinnen. It eilân Teksel wol graach fan de potfisken ôf, omdat in pear fan dy bisten yntusken driigje te ûntploffen.
Deadsoarsaak
Rykswettersteat wachtet lykwols op kalmer waar en in rêstige seegong om de bisten te bergjen en nei Harns te ferfieren. It is it doel om de potfisken yn Harns yn stikken te seagjen en fierder te ferwurkjen. Dat wurdt dien sadree't de meiwurkers fan de Ryksuniversiteit Utrecht klear binne mei harren ûndersyk nei de deadsoarsaak fan de potfisken.
Sân potfisken
It giet yntusken net mear om fiif potfisken, mar om sân. Tongersdeitemoarn spielde flak by de fearboathaven fan Teksel in sechde potfisk oan. Deunby de fjoertoer fan Teksel by de Cocksdorp driuwt noch in sânde potfisk yn see. It is de ferwachting dat dy potfisk letter op de dei ek oanspiele sil. It is wol wis dat dizze potfisken by deselde groep hearre as de oare fiif dy't earder dizze wike oanspielden.