"De skrik sit der goed yn nei de oanslaggen yn Jakarta"

14 jan 2016 - 14:55

Sakeman Bartele Santema fan Langwar is flink skrokken fan de oanslaggen tongersdeitemoarn yn de Yndonezyske haadstêd Jakarta. Santema hat dêr in tal kafees, in bakkerij en in galery. Sels hat er der hast 25 jier wenne, mar sûnt oardel jier wennet er mei syn frou en trije bern yn Langwar.

"Mei myn personiel is alles goed, mar de minsken binne fansels ek bot skrokken." Santema kin de Nederlanner, dy't swier ferwûne rekke by de oanslach. De man komt geregeld yn syn kafees. De bedriuwen fan de Langwarder sakeman ha skea fan de oanslaggen.

Sa leveret syn bakkerij stroopwafels oan de keten Starbucks yn Jakarta. En dy hat sûnt de oanslach alle fêstigingen tongersdei earst ticht.

Deistich libben

Santema tinkt dat it deistich libben gau wer op gong komt yn Jakarta, al sille der de earste tiid wol spesjale maatregels wêze, lykas ekstra kontrôle fan bygelyks tassen. "It is net de earste kear dat der oanslaggen binne yn Jakarta. Myn ûnderfining is dat minsken it deistich libben frij gau wer oppakke."

Oer twa wiken giet Santama sels wer nei Jakarta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)