60.000 foar defibrillatoaren

07 des 2008 - 09:35

Boargemaster en wethâlders fan Gaasterlân-Sleat wolle 60.000 euro útlûke foar de oanskaf fan defibrillatoaren. It kolleezje hat der kontakt oer hân mei it Antonius sikehûs yn Snits. Dat wol gemeenten helpe by de oanskaf fan de apparaten en it behear derfan.

Defibrillatoaren kinne minsken it libben rêde as se in hertstilstân krije en medyske help op him wachtsje lit. Hieltiten mear gemeenten wolle de apparaten oanskaffe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)