6.000 minsken op ITGWO

08 sep 2012 - 12:24
  • It festivalterrein fan Into the Great Wide Open
  • Ek foar bern is in soad te dwaan op Into the Great Wide Open
  • Into the Great Wide Open op Flylân
  • Into The Great Wide Open

Popfestival Into the Great Wide Open op Flylân sit oan de maksimum kapasiteit. Foar it festival binne dit jier 6.000 kaarten ferkocht. Neffens boargemaster Haan fan Flylân is dat ek it maksimum dat it eilân oankin.

Op camping Stortemelk steane dit wykein mear as 4.000 tinten, wylst oars 3.250 tinten it maksimum is. Omdat it om meast lytse tintjes giet kin it wol, seit de organisaasje. ITGWO belibbet no de fjirde edysje. It festival wie dit jier al nei in kertier útferkocht.
De organisaasje fynt it prima om net fierder te groeien.

''As de boargemaster seit dat 6.000 it maksimum is, dan is dat it maksimum", seit organisator Boorsma. De headline fan it festival is dit jier de band Franz Ferdinand. Oare bekende nammen op it affysje binne ûnder oare Spinvis, Janne Schra en Erlend Oye.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)