6000 besikers Into the Grave

09 aug 2014 - 17:56
  • Aldehoustertsjerkhôf grôtfol mei metalleafhawwers

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is sneon foar de fjirde keer it metalfestival Into the Grave holden. Sa'n 5 oant 6 tûzen minsken kamen op it festival ôf. Into the Grave wie net útferkocht, mar dochs is de organisaasje tefreden oer it tal besikers. Ofsluter en hichtepunt is de Amerikaanske band Megadeth. Foar folgjend jier stiet ûnder oaren metalband Sepultura op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)