600 skoalbern 'Oan 't Wurk'

16 maaie 2011 - 12:24
  • De Boargemaster Harmsmaskoalle (foto: Omrop Fryslân)

It projekt Oan 't Wurk fan de Boargemaster Harmsma Skoalle op 'e Gordyk is in súkses. Goed seishûndert learlingen hawwe de ôfrûne trije jier ferskate putsjes dien by bedriuwen en ynstellings op 'e Gordyk en omkriten. Dat binne trije kear safolle as earst de planning wie.

Likernôch fjirtich bedriuwen dogge mei oan it projekt. De subsydzje rint no ôf. De skoalle wol it projekt yn in oare foarm trochsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)