600 hynders drave ynkoarten oer de Keale Dunen by Appelskea

06 okt 2015 - 20:52

Goed 600 hynders drave oer oardel wike oer de Keale Dunen yn Appelskea. En dêrmei groeit it evenemint fan Steatsboskbehear flink. By de start fiif jier lyn, dienen noch 60 ruters mei harren hynders mei.

Om't it no sa populêr wurden is, hat Steatsboskbehear der foar keazen om de hynders twa dagen ta te litten yn it natuergebiet. Earder wie it allinnich op snein, no is de sneon derby kaam. It jierlikse evenemint, de Autumn Desert Trail, is ûntstien as helpmiddel yn it behear fan it natuergebiet.

Troch it draven fan de hynders, stoot it sân op en wurdt foarkaam dat de Keale Dunen tichtgroeie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)