600 fytsen út 'e stedsgrêft

11 apr 2008 - 15:32
  • Kloften fytsen waarden út de stedsgrêft fiske
  • ...en der sieten ek hiel âlde eksimplaren by

Der binne al 600 fytsen út de grêften yn Ljouwert helle. Dat is trije kear safolle as dêr't de gemeente op rekkene hie. Oardel wike lyn is de gemeente begûn mei it skjinmeitsjen fan de grêften. Dat wurk duorret troch alle fytsen langer as tocht.

De gemeente hellet net allinnich fytsen boppe wetter. Der lizze ek in soad winkelweintsjes en dranghekken yn de grêften. It spul wurdt as âld izer fuortbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)