60 Philips-meiwurkers ûntslein

11 maaie 2009 - 14:42
  • Omtinken foar sosjaal plan

Goed 60 fêste produksjemeiwurkers fan Philips Drachten hawwe moandei in oansizzing krigen. Sy moatte sa't it no liket foar 1 jannewaris it bedriuw ferlitte en kinne gebrûk meitsje fan ôfspraken út it sosjaal plan. Bygelyks wurkje en leare mei behâld fan salaris foar de perioade fan 2 jier of ûnder begelieding sykje nei in nije baan.

Mei-elkoar moatte 116 wurknimmers Philips ferlitte, sa'n fyftich dêrfan binne al frijwillich fuortgien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)