60 nije huzen yn Bakhuzen

17 jan 2004 - 00:00

60 nije huzen wurde de kommende jierren boud op ferskate lokaasjes yn Bakhuzen. Ien fan dy lokaasjes is it plak dêr't eartiids leanbedriuw De Blauw siet. It doarp krijt der in soad nije foarsjenningen by, lykas in iisbaan, in haven en in eveneminteterrein.

De gemeente Gaasterlân-Sleat slút foar it miljoeneplan in oerienkomst mei projektûntwikkelder Roelofs. Doarpsbewenners meie mei bepale hoe't de nije foarsjenningen der út sjogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)