60 km te hurd by Wânswert

06 sep 2013 - 09:47

In 37-jierrig autobestjoerder út Ferwert moast tongersdei it rydbewiis ynleverje, omdat er fierstente hurd ried. De man kaam op de Kleasterdyk yn Wânswert in kontrôle foarby mei 142 kilometer yn 'e oere. Dêr is 80 kilometer yn 'e oere it maksimum.

De man mei de auto waard oan de kant set. De plysje naam it rydbewiis yn en makke proses-ferbaal op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)