60 jier Philips Drachten

12 nov 2010 - 13:56

Wat ea begûn yn in houten geboutsje is útgroeid ta ien fan de grutste fabriken fan it Noarden: Philips Drachten. It fabryk bestiet 60 jier en dat wurdt freedtemiddei fierd.

Der wurkje 2.000 minsken by Philips Drachten en dy meitsje alle jierren 6,5 miljoen skearapparaten, dy't de hiele wrâld oergeane. It 60-jierrich bestean wurdt fierd mei de ûntbleating fan in keunstwurk, midden op in rotonde yn Drachten troch kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)