60 gadingmakkers foar griffier

13 des 2010 - 15:48

Sechtich minsken hawwe oanjûn wol griffier fan Provinsjale Steaten fan Fryslân wurde te wollen. Dat twitteret kommissaris fan de keninginne John Jorritsma moandei. Provinsjale Steaten hawwe sûnt de ynfiering fan it duale stelsel yn 2003 in griffier. Ta fersterking fan it eigen foech krigen de steaten doe de griffier foar it advisearjende en stypjende wurk.

De fakatuere ûntstie omdat griffier Oeds Bijlsma dit jier beneamd is ta direkteur belied by de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)