6 minsken yn de fal nei brân

20 apr 2009 - 02:26
  • Bewenners waarden mei ljedders fan it balkon helle
  • It portyk is hielendal útbrând

Seis bewenners fan in flat yn de Hein Doekesstrjitte yn Snits binne sneintenacht troch de brânwacht fan de balkons rêden, neidat der brân útbrutsen wie. Dat wie yn in portyk fan de flat. De bewenners koene dêrom net oer de trep nei ûnderen komme.

Alle bewenners binne medysk ûndersocht, omdat se reek binnenkrigen hiene. Ien bewenner moast úteinlik yn it sikehûs bliuwe. De brân is ûntstien by in Harley Davidson motor dy't yn de hal fan de flat stie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)