6 jier sel foar âld-Drachtster

06 maaie 2004 - 00:00

In âld-Drachtster (22) is troch de rjochtbank yn Amsterdam ta seis jier sel en TBS feroardiele. De man ferkrachtte ferline jier twa froulju en in famke fan 15 op de heide tusken Hilversum en Bussum.

De man wie in pear jier dêrfoar fertochte yn in ferkrachtingssaak yn Drachten. Hy soe yn april 2001 twa famkes fan 12 en 13 jier ferkracht ha yn de Drachtster bosk. Hy is doe frijsprutsen fanwege gebrek oan bewiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)