IM easket selstraf tsjin man dy't prostituee berôve

14 jan 2016 - 12:56

It Iepenbier Ministearje easke tongersdeitemoarn njoggen moanne selstraf, wêrfan seis ûnder betingst, tsjin in 54-jierrige man út Wynjewâld. Hy soe in prostituee yn Grins berôvje hawwe. De man hie ek jild stellen út in wenning yn Koekange, yn Drinte.

Yn augustus wie de man yn koarte tiid fjouwer kear nei in prostituee yn Grins gien. Hy tocht dat hjir in relaasje út ûntstien wie en steurde him deroan dat er dochs wer betelje moast. De man waard lilk, bedrige de frou en pakte har jild ôf. De poaier fan de frou skopte de man derút.

Yn july 2014 soe de man út in pleats yn Koekange in grut jildbedrach stellen ha. In pear dagen letter waard der yn syn auto in plestik pûde mei 23.000 euro fûn. It slachtoffer seit dat er noch 8000 euro mist.

Dat bedrach easke de offisier fan justysje tongersdeitemoarn as skeafergoeding foar de Drint. Neist de selstraf fynt it Iepenbier Ministearje dat de man him behannelje litte moat. De rjochtbank docht 28 jannewaris útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)