Kollumerlân betellet ynwenners foar it skieden fan ôffal

Yn Kollumerlân kin je no ôffal lykas hout, papier of in batterij ynleverje foar jild. Foar elke kilo skieden ôffal dy't je ynleverje, krije je in saneamde 'wastecoin' werom: dizze firtuele munt is ien euro wurdich. Oan de ein fan it fearnsjier wurd it opgarre jild dan útkeard.
Tongersdeitemoarn naam wethâlder Jelle Boerema de earste skieden grûnstoffen yn ûntfangst. Neffens him is dit systeem sa bysûnder omdat it de skieding fan ôffal stimulearret mei jild. En dat is wichtich fynt Boerema, want der falt in soad te heljen út ôffal.
"Vroeger was afval gewoon afval, nu zien we het steeds meer als grondstof. In een grijze container zit vaak nog 60 procent materiaal dat er niet in hoort."